Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 4 (van 4)
Kathy Reichs Firalen
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân...
Westerlauwers Fries | 12 uur 22 minuten (653 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - In flitsend hûntsje
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. 'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (198 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
Der klinkt in lûde knal. 'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!' 'Nee, stil!' In doar slacht ticht. Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer. 'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?' Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp. Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de...
Westerlauwers Fries | 2 uur 29 minuten (111 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Roald Dahl Jappy en it sûkeladefabryk
Oersetten troch Jan Schotanus
It ferneamde boek fan Roald Dahl, dat ek as fideo in protte bekendheid krigen hat, fertelt it ferhaal fan lytse Jappy, dy't mei pake Jan nei it fabryk fan Willy Wonka giet. Nei't Jappy it fyfde Gouden Tagongskaartsje wûn hie, wêrmei't er tagong krige ta de wûnders fan mynhear Wonka's Sûkeladefabyrk, kaam er yn in wrâld telâne fol geheimsinnige en geweldige ferrassings. Dat sil ek barre mei alle nije harkers fan dit meislepende en ferbjusterjende boek, dêr't al mear as in heal miljoen fan...
Westerlauwers Fries | 3 uur 24 minuten (215 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)